Book
Sûnt Pedro koart nei de oarloch efter it izeren gordyn ferdwûn is, hat Rafael Lipkin om him socht. Wa is dy Pedro? Wêr kaam er wei? En wêrom hâldt er Rafael sa yn 'e besnijing?
Dy fragen litte Rafael net los en bringe him, nei't er in heimsinnich telefoantsje krigen hat, yn de Mountain Clinic, dy útsûnderlike ynrjochting by New York mei syn psychiatryske pasjinten dy't har yn bibelske tiden wane en miene dat se Adam, Kaïn, Abraham, Joazef en sels de Messias of God binne.
Yn syn moeting mei dy bysûndere minsken moat Rafael weromtinke oan syn ferline yn Rovodok, dat stille stedsje yn 'e Karpaten dêr't er hikke en tein is. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.