Book
Tusken talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr.t it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de ieuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe't it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat synposysje yn de lêste ieu wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear mei it Ingelsk.
Mei rychjes foarbylden fan oernommen wurden wurdt in yndruk jûn fan de ynfloed fan oare talen op it Frysk. Kaartsjes meitsje dúdlik hoe't de talen geografysk tusken de oare talen yn steane en hoe't der ferpleatsings west ha. Ek gâns oare yllustraasjes litte sjen dat it ferhaal fan de Fryske taal in soad nijsgjirrige haadstikken hat. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.