Book
Beide knikkeren se op klompen, keatsten se op sokken, swommen se neaken yn de mûnier, en beide seagen mei fernuvering nei de bolle fan De Hobbeldjo dy.t it tige drok hie. Ika2 wennet no yn de binnenstêd fan de Grutstêd. De Grutsk sit yn in hege toer oan de râne fan dy Grutstêd. Mei de metro, de telefoan, de post en de faks kinnes e elkoar berikke. Se ha elkoar mar ien kear moete. Mei it mes yn de tafel. Njoggen fideobannen bringen har werom nei it ferline. Me njoggen huorren, dy.t te krijen ha mei de froulju (famkes) dy.t se kennen hawwe, sykje se it ferline ek op. Yn Snyp, of op in oar doarp. As lyts jonkje swom De Lytsk mei de skoaljuffer yn de mûnier. Hy widze tusken har boarsten. De wrâld like in mearke. Letter waard er pakt troch in pedofyl, en besocht er yn in barge-feart de stank fan syn hannen skjin te waskjen mei eine-kroas en blauwe modder. Dêrtusken groeit De Lytsk op. In mearke wurdt de wrâld. As De Grutsk (of De Lytsk, of Ika2) letter de slottango dûnset mei de tophoer De Fryd komme alle toutsjes byelkoar. Tangodûnsjen is libjen, libjen is tangodûnsjen. Miskien sels skriuwen. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no messages on Piksjitten op Snyp wall yet.