Book
Paradys oan de baai is de fiifde bondel mei reisferhalen fan Douwe Kootstra. Yn dit boek fertelt er oer syn reizen nei ûnder oaren Nova Scotia (Canada), Noarwegen en Curaçao. Bysûnder is it ferhaal oer de bân fan de net-roomse famylje Kootstra mei de geastliken yn it Minderbruorrekleaster yn Drachten, dyt dêr sûnt 1937 sieten. Jierren letter siket Douwe Kootstra de Drachtster pater Schilder yn Wenen op, dyt dêr dan pastoar is. Drachten en Rome bringt in unyk stik skiednis fan Drachten op e nij ta libben.
Reisferhalen fan Douwe Kootstra fertelle altiten oer de faak opmerklike moetings dyt er hat mei allerhanne nijsgjirrige minsken en syn ûntdekkings fan histoaryske en literêre fynplakken. Sûnt De moanne op e rêch (1987) stiet er bekend as de earste literêre reisferhaleskriuwer fan Fryslân.
Douwe Kootstra treedt ek geregeldw ei op as ferteller, ûnder mear fan âlde folksferhalen.
«
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.