Book
De roman 'Om it libben' is ûntstien yn de skriuwersarke, it eardere hinnekommen fan Rink van der Velde op 'e Feanhoop. Wind húsmanne dêr yn de maitiid fan 2007. Doe't er de put der omtrint út hie, waard er siik en even like it derop dat de titel fan dit boek in omen betsjutte foar himsels. Soks skept in bân. Al mei al hold de sykte him sawat njoggen moanne bûten bedriuw. Doe't er de pinne wer tille keo, hat er it ferhaal ôfmakke.
De tematyk mei dan inte wêze op in tragysk stjergefal, yn wêzen giet it net op de dea, mar om it libben. Rjocht, leauwe en leafde yn it ramt fan in wurklikheid dy't sa ferskillend en persoanlik belibbe wurdt, dat út en troch waarnimming yn ferbylding feroaret en ferbylding yn waan, foarmje de ynhouten fan dizze ûngewoane misdiedroman. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.