Book
De Fryske boerefamylje Seffinga emigrearret mei de bern yn de sechstiger jierren nei Normandië. It falt har swier om it fee en benammen it swarte hynder achter te litten yn de omkriten fan Noard-Fryslân. Mei in soad enerzjy en trochsettingskrêft slagje heit Keimpe en mem Minke deryn om yn in âld lazaret mei in stik lân dochs wer in bedriuw op te bouwen. Dochter Andrea fielt har al gau thús yn Normandië. Se trout mei in Frânse jonge en is eins hiel lokkich. Mar foar soan Arjen is it oars. Hy bliuwt mar ûnwennich nei Fryslân en kin yn maatskiplik opsicht ek net rjocht syn draai fine.
Earst wurket er yn Cherbourg en letter yn frijwat earmoedige omstannichheden yn Parys.
Kontakt mei de famylje hat er amper noch. De briefkes dy.t er komselden nei hûs skriuwt wurde troch Andrea yn in folle moaiere fersy foarlêzen oan de hast bline Minke. Dy sit hieltiten mear yn noed oer har jonge. Se beslút ûndanks har handicaps nei him ta te reizgjen as er wer yn Fryslân wennet.
Dizze prachtich skreaune, sfearfolle roman smyt de lêzers werom op har eigen gefoelens fan langst en dreamen en mooglikheden ta treast. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no messages on Liet foar myn jonge wall yet.