Book
It frijbliuwende libbentsje fan Joppe krijt ynienen in oare diminsje as er Terpsi moetet, in politike flechtlinge út Afrika.
Hein Jaap Hilarides (1969, Sint Jabik) debutearre yn 2000 mei de dichtbondel Tersk. Mei Tsjead Bruinja wied er de gearstaller fan Dream yn blauwe reinjas/ Droom in blauwe regenjas (2004), de suksesfolle blomlêzing mei jonge Fryske dichters. As pianist en tekstdichter fan Biltse teksten spilet er mei yn de Rebound Boogie Bent. De earste cd fan de band is Taai as Bildtse klaai.
Joppe is it twadde diel yn de rige Fryske Modernen. Dizze rige biedt in poadium oan nije Fryske skriuwers. It Fonds van de Letteren, It Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds, it Aksjeplan Kultuerberik en de Provinsje Fryslân stypje dit inisjatyf fan de Stichting It Fryske Boek, Skriuwersboun, Afûk/Utjouwerij Fryslân en Friese Pers Boekerij. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.