Book
De gedichten yn 'It blau fan de hortinsje/Heech gers' hearre ta de bêste fersen dy't Baukje Wytsma ea skreaun hat. Se skriuwt oer tige werkenbere ûnderwerpen: de bernetiid op in Frysk doarp, it riedsel fan libben en dea, de gong fan de seizoenen yn de natuer en de tún. Yn har poëzy siket se nei it bliuwende minsklik bestean. It is dan ek gjin wûnder dat dizze gedichten troch de jierren hinne in grut lêzerspublyk fûn hawwe. Dochs is de poëzy fan Baukje Wytsma tige persoanlik, skreaun mei in folslein eigen lûd. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
Nobody