Book
Jan Wybenga (Warten 1917 - Grins 1994)
wurdt beskôge as de belangrykste moderne dichter yn de Fryske literatuer.
Hy krijt twa kear de Gysbert Japicxpriis - de heechste literêre ûnderskieding - in unikum.
Dit Samle wurk bestiet út twa dielen.
Diel I omfiemet it poëtys oeuvre fan Wybenga - oer de trijehûndert fersen út syn acht dichtbondels, sa'n 225 net earder bondele gedichten, krapoan fjirtich oersettingen en koarte teksten.
Mei in skôging fan Abe de Vries en bydragen fan Teake Oppewal, Albertina Soepboer, Jabik Veenbaas en Piter Yedema.
Op in tafoege cd stean tweintich fersen dy't de dichter sels oait foardroegen hat.
Diel II befettet in bondel mei autobiografys skildere ferhalen en dêrneist oare proazastikken yn in kollaazje oer libben en wurk.
Keunsthistoarikus Huub Mous skôget yn dat diel boppedat Wybenga syn byldzjende keunst.
Ut de katalogus fan sa'n 260 akwarellen, gouaches, monoprinten en tekeningen, binne hast 200 reproduksjes yn kleur opnommen.
«
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no messages on Grien en koaningsblau wall yet.