Book
De hûnderten swannen dy't faak by Koarnwert ûnder de kust sitte, deun by de Lorentzslûzen, binne foar Alex meastal in teken fan wolkom, as er op Fryslân ta rydt. Oare kearen, as er wer ris gysten op hûs oan giet, rjochting Amsterdam, binne dy him in ôfgriis. De swannen sitte der suver altyd, op 't selde plak, wylst hy oer de Ofslútdyk hinne en wer fljocht, om't er mar gjin greep krije kin op it libben fan Lize, dy't op it Fryske plattelân wennet en foar him symboal stiet foar dat lân, net yn 't lêste plak om't se tegearre ea fereale yn 't fjild omswalken. En it liket as sille se de trou, sa't se dy elkoar destiids taseine, no dan nochris wiermeitsje. Mar tusken Amsterdam en har hûs yn leit de dyk, ûneinich lang as er by har wêze wol. Dan wer is dy dyk in útkomst, as er sa gau mooglik nei de stêd werom wol. Syn hâldfest is syn wurk as arsjitekt. Wurk dat him by steat stelt de libbensromten fan oaren foarm te jaan, op in wize sa't hy dat wol. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.