Book
De jonge dichter Hidde Boersma rekkenet yn syn debútbondel De rop om Doede drastysk ôf mei alle religieuze en spirituele spinreach dat minsken yn 'e kop hawwe kinne. Hy docht dat yn boartlike fersen mei gauris in iroanyske of humoristyske ûndertoan. Hy skriuwt gedichten dy't de kop frijmeitsje.
Hidde Boersma (1980) studearret Humanistyk en Filosofy yn Utert. Hy is al in tal jierren aktyf yn de literêre wrâld. Sa publisearre er ûnder mear gedichten yn it tydskrift Hjir en yn Dream yn blauwe reinjas / Droom in blauwe regenjas en kollums op it ynternettydskrift Farsk. Ek stie der ferhalend proaza fan him yn Hjir en de twatalige bondel Flesse(n)post. «
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.