Book
Yn de Suderhaven leit it galjoatskip de Harlingen. Alwin Cupido fan It Amelân sjocht der mei ûntsach nei. Yn it foarjier fan 1826 beslút de jonge oan te meunsterjen op dizze walfiskfarder fan kommandeur Klaas Hoekstra. Net omt er út is op aventoer.
Hy wol oan de wraak fan syn heit ûntkomme en ûntflechtet it eilân. Oan board wurdt Alwin it helpke fan de
kok. Dy simmer sjocht er hoet it skip yn it iis fan Baffin Baai fynknypt wurdt. Mei de bemanning makket er in barre tocht nei Grienlân, dêrt er in wrede winter oerlibbet.
Yn rike en byldzjende taal beskriuwt Durk van der Ploeg yn syn tweintichste roman de histoaryske reis fan kommandeur Klaas Hoekstra en syn bemanning. In boek yn de tradysje fan Van der Ploeg syn bekendste roman It Boarkumer fjoer.
«
Boeklezers.nl is a network for social reading. We help readers discover new books and authors, and bring readers in contact with each other and with writers. Read more ».
There are no reviews for this book yet.